De faginamonologen 2012

faginamonologen2Naar de vaginamonologen van Eve Ensler (vertaald naar het frysk door Agatha Hijlkema-Jorna)

“Fagina’ fine se sa’n ferskrilike namme. Yn it bêste gefal heart dat as in ynfeksje of in medysk ynstrumint. En der binne safolle oare folle leukere wurden foar; lykas doaze, krater, jony, foech, stikelbaarch, pofferke, beurske, etui, sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneed en skuor. Of fine jimme dy wurden wat seksistysk en grof? Dat binne se net hear..it is mar hoe ast se brûkst..as’t se mar mei leafde ùtsprekst. By wat neifreegjen yn Tytsjerksteradiel docht bliken dat froulju net oer harren fagina prate wolle, Dêr prate jo dochs ek net oer, oer de fagina, of hoe as se dat dêr ek mar neamme, De froulju wurde der sels ferlegen fan, fiele har beskamme. Mar as se de stap ienris setten hawwe, dan hâlde se net mear op fan praten. Stikem wolle froulju graach oer harren fagina fertelle..Se fine it o sa spannend, foaral omdat gjin mins der oait nei freget. Poeh wat falt der in soad te fertellen.
Yn it Frysk hâlde de Froulju de seal in spegel foar oer ”de Bermuda Trijehoeke”fan it frouljuslichem. Op ferskate wize liket it op  ”Ontdek je Plekje”. Hoe giet de frou om mei har etui yn ús kultuur en yn’e frjemte. Fielt it altyd goed as der oer praat wurdt? Hjoed giet it publyk hielendal op yn it sketsmatich fertellen oer it sûkerpotsje…

Met
Jeltje Joustra
Ineke Kalteren
Anja Epema
Wietske Kooistra
Trude Postmus

Regie
Hans van Buuren

Techniek
Lubbert Kingsbergen
Rutger van der Hout

Decor/Grafische vormgeving

Productie

HvBdesign

Ineke Kalteren

Sterke Froulju over de Doarbel fan it hûs